Hantekens finzenispersoniel

04 mrt 2013 - 12:48

Meiwurkers fan alle finzenissen yn Nederlân biede moandei in petysje mei goed 6000 hantekens oan yn De Haach. De petysje wurdt oanbean oan de haaddirekteur fan de Tsjinst Justysjele Ynrochtingen en de heechste amtner fan it ministearje fan Justysje. Oanlieding fan de petysje is in útlekt besunigingsplan fan minister Teeven fan Justysje. Dêryn stiet dat 11 fan de 29 finzenissen yn Nederlân ticht moatte. Oer in moanne wurdt bekend hokker finzenissen dat binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)