'Mooglikheden foar boubedriuw'

04 mrt 2013 - 12:42

Der hiene wol mooglikheden west om it boubedriuw Van der Werf út Sint Nyk fan it fallisemint te rêden. Dan hienen de noazen fan bedriuw, fakbûnen en bank allegear deselde kant út stean moatten. Dat seit Marten Cornel, foarsitter fan it distrikt Fryslân fan wurkjouwersorganisaasje Bouwend Nederland.

Neffens Cornel hie de ferhier fan de huzeportefúlje fan Van der Werf mooglik in opsje west. Ek in fersnelde reorganisaasje wie in opsje. Cornel sjocht noch wol mooglikheden foar in trochstart fan Van der Werf yn ôfslanke foarm.

De Rabobank luts ôfrûne wykein de stekker út it bedriuw troch in nije kredytoanfraach te wegerjen. Van der Werf hie bot te lijen fan it ynstoarten fan de wenningmerk. By it bedriuw wurkje sa'n 85 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)