Dronken man rydt tsjin beam

Plysje-embleem © ANP
Yn Burgum betrape de plysje sneintenacht in 46-jierrige man út Hurdegaryp op it riden ûnder ynfloed. De man wie troch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwytrekke. Fia inkele boskjes kaam er tsjin in beam ta stilstân. Nei in bloedproef op it plysjeburo die bliken dat er tefolle dronken hie. It rydbewiis fan de man waard ynnommen en de auto troch in bergingsbedriuw fuortsleept. De man krige in proses-ferbaal en mocht doe wer nei hûs.