Blog: De lêste dei yn Xai Xai

04 mrt 2013 - 09:31
  • Filmje yn doarpke

It is alwer de lêste dei yn Xai Xai. Justerjûn noch op kakkerlakkejacht west ûnder de besielende lieding fan ús gids yn bange dagen, Marc Jense. Op de hotelkeamer fan Theo lykje de op himsels moaie bistjes in soarte fan sammelplak fûn te hawwen. De earste nacht helle hy se tusken de kessens op it bêd wei. En juster doe’t we noch wat technyske saken op oarder bringe moasten wiene se der wer. Marc is in grut talint yn it 'kreakjen' fan kakkerlakken. En yndie, se kreakje behoarlik. Wat minder gerêst nei myn eigen keamer gien, mar te wurch om der echt mei dwaande te wêzen, As in blok sliept.
En fan 'e moarn om sân oere wer oan de itenstafel, om om acht oere wer oan te kommen by de 'slaps' fabryk. Eins in soarte fan deksels foar de latrine, oftewol it gat yn de grûn foar de ienfâldige wc’s. Mei in hiel soad minsken wurdt wurke oan de betonnen deksels. In soad mânlju, mar wat my dan wer opfoel wie dat de iennige frou yn it selsskip stoef trochwurke, wylst de manlju foaral mei de kamera dwaande wiene. Ik tink wol dat it lid dat ûnder ús each makke waard wol de aldermoaiste oait wurden is. Wa’t dizze keapet hoecht noait wer oars!

Sa’n projekt as Schoon Water voor Mozambique wurket in soad mei de lokale befolking. Mar ek ha se te krijen mei de kultuer en skiednis fan it lân. Minsken yn Mozambyk ha eins net leard dat je sels inisjatyf nimme kinne, dat je sels ûndernimme moatte om fierder te kommen. Boppedat is korrupsje de gewoanste saak fan de wrâld. En ôfspraken yn tiid binne hjir hiel rom. We sjogge as we mei de auto ûnderweis gean altyd oeral plysjekontrôles. De manlju ha in ridlik ynkommen, mar dat wurdt noch folle better troch it jild dat se freegje oan minsken dy’t se oanhâlde. Se stekke it yn eigen bûse. Dat sjogge je gewoan gebeuren. Raar, en foar ús ûnbegryplik. Mar as je hjir langer binne sil dat ek wol wenne. Likegoed as by ús topminsken fan banken in hiel soad jild fertsjinje wylst it min giet. Ek dêr binne we oan wend tink ik mar. It is de graaikultuer dy’t oeral yn de wrâld blykber jildt. En de earmsten binne altyd de dupe. Mar lit ik it net al te swier meitsje. As je hjir omrinne komme je sa’n soad moaie minsken tsjin. Elkenien wol gewoan in gelokkich libben, mei leafde en sûnens.

De lânbou is fan grut belang foar de measte famyljes. Juster wiene we by Locarla. In moai stikje grûn, mar de fruchtberens kin better. En dêr wol it projekt no op ynsette. Dat hat noch hiel wat om 'e hakken. Mar foardat we te plak binne hat ús KIA it behoarlik foar de kiezzen hân. Wat wer in hobbels en bobbels. Sjauffeur Marc genietet der sichtber fan, hy soe sa meikinne yn Parys-Dakar. De ûnderkant fan de auto hat behoarlik te lijen. Niks gjin asfalt of klinkers as je de saneamde baira’s, oftewol wenwiken, ynride. En dan bin we te plak. De kompostbakken lizze klear, mar ach, der sit ferkeard grint yn. De oannimmer hat wat ferkeards levere. En sa moat der wer ymprovisearre wurde. We nimme it mar sa as it is. Afrika leart fluch. It giet net altyd like maklik.
Weromrinnend allegear fjoer. By in oar gebou wurdt gers en grûn yn de brân setten. Op de fraach wêrom? SNAKES! Se wolle slangen dermei tsjinhâlde. En as ik no ergens bang foar bin, dan is it slangen! Wat foar slangen, freegje ik de Deenske meiwurker Troels. Cobra’s, black Mamba en noch mear fan sokke nammen. En o ja, der binne ek krokodillen yn de rivier. Gau wer yn 'e auto….bbbbrrrr….
En sa fleane we wer fierder. Wer in Xipoti, sa’n wc op in hiem by in frou. As we by it hutsje komme sjogge we dúdlik hoe heech it wetter stien hat by de oerstreaming. Meubels, foar safier oanwêzich, moatte dreaun hawwe. Seker in meter heech. Mar alles wie wer keurich netsjes. It wetter noch oan de râne, dat wol. Mar al tefolle tiid om der by stil te stean ha we net. We moatte wer fierder.
We gean nei de pleatslike Afrikaanske 'Gamma'. Dêr wurde de Xipotis ferkocht, dat binne dy lytse wc’kes. Utferkocht! Se binne ferkocht oan in oare organisaasje, Save the children. Der stiet noch ien foarbyldmodel. De priis omrekkene yn euro's is 100 euro. Neffens my wol djoer. Mar hoopje dat de Mozambikanen goed sparje kinne.
En dan sit it offisjele programma der op. We gean sels op 'en paad. En der moat noch efkes pind wurde. We stean by de automaat. En ynienen komt der in plyse-auto oansjitten. Trije swier bewapene aginten springe derút. Mei fan dy grutte automatyske wapens. Op 10 meter ôfstân fan my en Marc stean se op skerp. Dat is skrikken! Ik tocht echt dat der in oerfal wie, dat we midden yn in gefjocht kamen. Dûkte achter de brede rêch fan gids Marc, dy’t opfallend rêstich bleau. Theo, noch by de auto, siet achter in doar al mei de kamera yn de oanslach, te wachtsjen hoe’t dit ôfrinne soe. Ynienen komt der in man oandraven mei in grutte sek. In grutte sek mei jild tink ik. It is gewoan in jildtransport. En as de man binnen is, binne de gewapene plysjes ek wer fuort.
No ja, dan wy ek mar wer fierder. Bylden meitsje, nei de supermerk, nei de merk, nei de rivier, lâns de sneldyk, froulju mei in protte bagaazje op 'e holle. Ek wer opfallend trouwens. It binne hast allinnich mar frouljy dy’t dat swiere guod op 'e holle sette. Dochs moai hear, om efkes op eigen manneboet troch de Mozambikaanske strjitten te crossen. Alle bylden binne moai. De kleuren binne hjir geweldich, it lûd is oars, alles is oars. No mar hoopje dat dat aanst op tillevyzje ek oerkomt.

En nei noch twa langere ynterviews mei de minsken dy’t hjir it projekt runne is it wurk yn Xai Xai klear. It wie wer in lange moaie dei. Om dêrnei noch yn in landrover oer in sânpaad lâns it strân op in paradyslik plak te kommen oan it strân. Mei ûnderweis sicht op de meast lukse filla’s, want dy binne hjir ek. Sa’n filla dêr’t ús takomstige kening Willem-Alexander en keninginne Maxima ek ien fan kocht hiene. It petear mei de minsken hjir komt dêr dan ek op. Hjir snappe se der hielendal neat fan dat dat yn Nederlân sa’n opskuor jûn hat. Der wenje hjir mear rike minsken, tusken de earmen. It libbet neffens harren mear njonken mekoar as by ús. It jout allinnich mar wurkgelegenheid en it hie in ear west as in Nederlânske prins syn fakânsjehûs hjir hie. Dat is it ferhaal dat ik hjir krij. Sels dat de Mozamikanen har skoffeard field hawwe oer it feit dat it net trochgie. Dat ferhaal ha wy net heard yn Nederlân. Sa hat alles altyd twa kanten tink ik mar. Oft it no om ûntwikkelingshelp giet of oer prinsen yn in earm lân.
En sa sitte we hjir wer by it hotel. Theo hat krekt wer efkes op syn keamer west. Mei help fan ien fan meiwurkster op kakkerlakkejacht west. En hy kin it no sels, sûnder help fan gids Marc. Hy hat der sels ien deatrape. It kreake goed, sa melde hy.
Moarn binne we yn Maputo. De haadstêd. Foar in besite oan de ambassade. Benijd wat we dan wer belibje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)