Deadlik ûngelok Beetstersweach

04 mrt 2013 - 08:34
  • Ungelok Beetstersweach

By in ûngelok op de Gerdyksterwei by Beetstersweach is moandeitemoarn de bestjoerster fan in auto om it libben kaam. It giet om in 36-jierrige ynwenster fan De Gordyk. De frou is nei alle gedachten mei de rjochtertsjillen yn 'e berm rekke, hat bystjoerd en is dêrnei oan 'e oare kant fan de dyk tsjin in beam flein.

De frou siet allinne yn 'e auto. Se is op it plak fan it ûngelok ferstoarn. Fanwege it ûngelok hat de dyk in skoft ôfsletten west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)