Opsterlân kontrolearret te min

04 mrt 2013 - 06:32
  • Gemeente Opsterlân

Opsterlân hâldt te min de kwaliteit fan de berne-opfang yn syn gemeente yn 'e gaten. Dat fynt neffens de NOS de Inspectie van het Onderwijs. Opsterlân is ien fan de 51 gemeenten yn Nederlân dy't neffens de ynspeksje net foldogge oan de minimumnoarmen foar tafersjoch en hanthavening.

Se kontrolearje bygelyks bytiden net alle berne-opfangen yn har gebiet of hawwe te min personiel yn tsjinst om dat te dwaan. Neffens de ynspeksje binne alle 51 gemeenten yntusken wol dwaande mei ferbetterings.

Neffens wethâlder Kooistra fan Opsterlân hat de gemeente yntusken tiid maatregels nommen. Hy ferwachtet dat de gemeente meikoarten wer promovearje kin fan de saneamde B-list nei de A-list fan de gemeentes dy't de ynspeksjes goed útfiere. De gemeente Opsterlân lit de kontrôles útfiere troch de GGD.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)