10.000 besikers 'LeeuWadden'

Jonge besikers fan de eksposysje LeeuWadden
De eksposysje LeeuWadden yn it Natuermuseum hat yn twa wike tiid 10.060 besikers lutsen. LeeuWadden giet oer it wrâlderfguod fan de Waadsee en is makke troch it museum yn gearwurking mei de Waadferiening. Bern koene yn it museum op Waadekskurzje ûnder lieding fan in gids.
It Natuermuseum begjint wend te reitsjen oan gruttere oantallen besikers. It BeterBezigHuis luts ferline jier 14.000 minsken en it Eet & Weet-huis yn 2011 15.000 minsken. It natuermuseum is dizze moanne 'Museum fan de moanne'.
De kommende woansdeitemiddeis binne der dêrom ekstra aktiviteiten foar bern yn it ramt fan de eksposysje 'Lokvogels'. Bern kinne dan in eigen lokfûgel meitsje en útstalle yn de greide yn it atrium fan it museum.