Crossmotors stellen yn Driezum

Ynbraak © Omrop Fryslân
Ut in bedriuwspân oan de Kolkensloane yn Driezum binne sneontenacht twa crossmotors stellen. De dieven kamen der yn troch in rút iepen te brekken. De dieven namen in reade Honda CR125 en in swarte KTM SX155 mei. Mooglik hawwe se earst in stik mei de motors rûn om pas dêrnei der op fuort te riden.
In bernecrosser dy't ek meinommen waard, waard yn de omjouwing fan it bedriuw wer weromfûn. De twa crossmotors binne sa'n 10.000 euro wurdich. De eigener, dy't njonken it bedriuwspân wennet, hat neat fan de ynbraak merkbiten. Hy hat oanjefte dien.