Westra 3e prolooch Parys-Nice
Hurdfytser Lieuwe Westra is snein tredde wurden yn de prolooch Parys-Nice. De hurdfytser fan De Tynje seach de Frânsman Damien Gaudin ferrassend de ritwinst pakken. Syn lângenoat Sylvain Chavanel waard twadde. Westra, foarich jier twadde yn Parys-Nice, hoegde oer 2,9 kilometer yn Houillies mar ien tel ta te jaan op Gaudin.
Parys-Nice duorret noch oant en mei nije wike snein.