'Boubedriuwen helpe is dreech'

03 mrt 2013 - 15:38

De gemeente stiet mei de rêch tsjin de muorre as it giet om it helpen fan de pleatslike boubedriuwen. Dat seit wethâlder Durk Durksz fan Skarsterlân, yn reaksje op krityk út Sint Nyk nei de fallisemintsoanfraach fan boubedriuw Van der Werf. Van der Werf waard passeard by it bouwen fan de nije brede skoalle op De Jouwer. Dy opdracht gie nei in bedriuw yn Schiedam.

Neffens wethâlder Durksz is de gemeente by it jaan fan sokke opdrachten bûn oan strange regels foar Europeeske oanbesteging. By lytsere opdrachten hat de gemeente mear frijheid.

Mar as grutte opdrachten keunstmjittich yn lytsere dielen knipt wurde, hat de gemeente grutte kâns op klaims fan bedriuwen dy't bûten de boat falle. De gemeentlike rekkenkeamer docht op dit stuit ûndersyk nei it oanbestegingsbelied fan Skarsterlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)