Soad froastskea oan diken

03 mrt 2013 - 15:27
  • In Arrivabus yn it winterwaar

Fryske gemeenten hawwe dit jier foar tonnen skea oan de diken troch it winterwaar. Foaral yn Súdwest-Fryslân binne troch it opfriezen yn de diken op in soad plakken gatten en skuorren ûntstien. It folsleine ûndersyk is noch net klear, mar de earste yndruk is dat der foar tonnen mear skea is as oare jierren. Dat komt ek omdat der foar de tredde kear efter inoar in winter mei froast en snie west hat.

Op guon plakken yn Súdwest-Fryslân moasten izeren platen brûkt wurde, om fierdere skea oan opferzen klinkers foar te kommen.

De skea oan de provinsjale diken liket dit jier ta te fallen, alhoewol't ek dêr it folsleine ûndersyk noch net klear is. Op ryksdiken hawwe ferline wykein op tsien plakken needreparaasjes west. Neffens in wurdfierder is dêrmei de slimste skea ferholpen, mar der wurdt rekken hâlden mei nije skea, as der dizze moanne noch wer snie en froast komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)