Flyers ferliest fan Den Haach

03 mrt 2013 - 14:42

De iishockeyers fan de Unis Flyers ha op eigen iis mei 5-2 ferlern fan Den Haach. Al nei twa minuten kamen de Feansters op efterstân. Jeff Martens sette de Flyers yn de twadde perioade op likense hichte. Opnij wist Den Haach op foarsprong te kommen, wêrnei't Tony Demelinne de 2-2 makke.

Ek yn de tredde perioade holden beide ploegen inoar lang yn lykwicht. It wie lykwols koprinner Den Haach dy't der mei in wat flattearre winst fantroch gong.

Snein spylje de Flyers de útwedstriid tsjin Herentals. Dêrnei kin de ploech fan trainer Chris Eimers him opmeitsje foar de play-offs tsjin Tilburg Trappers. Freed 8 maart wurdt de earste wedstriid yn Tilburch spile. In dei letter stiet de return op eigen iis op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)