Dronken pisje tusken it folk

03 mrt 2013 - 13:55

Trije dronken manlju út Ljouwert soargen sneontejûn foar in soad oerlêst op de Skrâns en it stasjon fan Ljouwert. De manlju fan 23, 28 en 43 jier foelen sneontejûn om acht oere minsken lestich op de Skrâns en makken ek in soad leven. De manlju wiene dúdlik bot boppe harren teewetter.

De plysje stjoerde de manlju fuort, mar dêrnei begûn it lijen op it stasjon. Doe't de manlju dêr tusken de minsken begûnen te pisjen waarden se oanhâlden foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder en ynsletten.

Njonken in proses-ferbaal krige de 23-jierrige man ek in gebietsferbod foar it winkelgebiet. De man wie earder al warskôge nei lyksoartige oertredings. De twa oaren krigen in warskôging. As sy wer yn 'e fout geane kinne ek sy in gebietsferbod krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)