Bewennersbedriuw yn Heechterp

02 mrt 2013 - 16:19
  • De feestlike start fan it bewennersbedriuw yn it wyksintrum
  • ôffal op 'e dyk yn Heechterp-Skieringen

Yn de Ljouwerter wyk Heechterp-Schieringen is it earste Bewonersbedrijf fan Nederlân iepene. Dat bedriuw moat de wyk leefberder meitsje en de ynwenners oan wurk helpe. Der binne no in tsiental minsken by belutsen.

Heechterp-Skieringen waard fiif jier lyn keazen ta ien fan de 40 probleemwiken fan ús lân. Der is in soad dien om de saneamde Vogelaarwyk op te knappen, mar noch altyd binne der in soad problemen. Der is in soad wurkleazens en der binne argewaasjes. It bewennersbedriuw wol oan dy beide dingen wat dwaan.

Ek kinne je by it bewennersbedriuw in túntsje hiere. Foar blommen, of om bygelyks jirpels yn te ferbouwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)