Oenema fan sulver nei brûns

02 mrt 2013 - 13:44
  • Thijsje Oenema

Thijsje Oenema wie sneon op de twadde 500 meter by de wrâldbekerwedstriid yn Erfurt rapper as op freed, mar se stie in trime leger op it poadium. Mei har 38.21 waard de Jouster tredde. It ferskil mei nûmer twa, de Russise Olga Fatkulina, wie mar twatûzenste. Beixing Wang fan Sina wûn opnij, no yn 38.15. Margot Boer waard yn 38.79 njoggende. Anice Das wûn de B-groep yn 39.46. Thijsje Oenema is no wis fan dielname oan it WK ôfstannen oer trije wike yn Sotsji op de 500 meter.

Takom wike by de wrâldbekerfinale op It Hearrenfean liket it derop dat Margot Boer en Laurine van Riessen har der ek foar pleatse sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)