Fallisemint ramp foar Sint Nyk

02 mrt 2013 - 12:15
  • Boubedriuw Van der Werf

It fallisemint fan boubedriuw Van der Werf yn Sint Nyk is in ramp foar it doarp. Dat is de reaksje yn Sint Nyk neidat freed de 85 meiwurkers fan it bedriuw troch de direkteuren op de hichte brocht waarden. Hast elts kin wol ien dy't by Van der Werf wurket of wurke hat, want op it hichtepunt hat it bedriuw wol 260 minsken wurk jûn.

Yn Sint Nyk libje ek fragen. Foarsitter Jeltsje Steneker fan doarpsbelang fynt dat de gemeente Skarsterlân mear om Van der Werf tinke moatten hie by de oanbesteging fan de brede skoalle op de Jouwer.

De meiwurkers wisten al wat langer dat it net goed gie, mar ferwachten dochs wat oars, doe't der freedtemiddei in gearkomste foar de meiwurkers oankundige waard. Offisjeel wurdt it fallisemint pas nije wike útstprutsen. Der wurdt foarearst trochwurke, bygelyks oan de nijbou fan Elkien yn de Grouster Prinsessebuert. De boumerk fan Van der Werf is sneon ek gewoan iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)