Frysk stik oer Anne Frank

02 mrt 2013 - 11:49

It toanielstik oer Anne Frank sil yn 2015 yn it Frysk opfierd wurde. Teatermakker Rense Rotsma fan eveneminteburo Amstor en stichting Stadstheater Leeuwarden hawwe de rjochten krigen om it toanielstik oer it libben fan Anne Frank oer te setten yn it Frysk. It is it doel dat it stik oer twa jier yn de greiden by Deinum neist it spoar opfierd wurdt.

Yn 2008 is itselde toanielstik al opfierd yn Wommels, doe noch yn it Hollânsk. Yn it stik wurdt it ferhaal út it deiboek fan Anne Frank ferteld. It personaazje sil ek stikken foarlêze.

It toanielstik is oerset troch Tjitske Smits. It hiele projekt kostet goed 80.000 euro. De teatermakkers binne al op syk nei akteurs en figuranten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)