Ytpiraat yn Ljouwerter hotel

02 mrt 2013 - 11:32
  • De plysje wol graach wite wa't dizze kaai mist

Yn in hotel yn it sintrum fan Ljouwert is freedtenacht in saneamde ytpiraat oanholden. De man (29) sûnder fêst wenplak hie iten yn it hotel en woe dêr ek oernachtsje, mar wegere yn it foar it bedrach fan sa'n 200 euro te beteljen. Ek tsjinoer de plysje liet de man witte dat hy net betelje woe.

Yntusken die bliken dat de man yn it hiele lân besiket om fergees te iten en te sliepen. Hy is hjir earder ek al foar feroardiele. It hotel yn Ljouwert hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)