Algra definityf nije man BFVW

02 mrt 2013 - 07:29

Rendert Algra is freedtejûn definityf keazen ta nije foarsitter fan de BFVW, it Bûn fan Fryske Fûgelwachten. Algra is de opfolger fan Mark Brouwer. De algemiene ledefergadering ferrûn saaklik en sûnder diskusje. En dêr wie alle reden ta. Der mei noch socht wurde, der is in winst fan 20.000 euro en it giet goed mei it tal jeugdleden.

Algra hat tekene foar yn elts gefal trije jier. En hy sei ta dat hy him ynsette sil foar it aaisykjen, de neisoarch en foaral foar it belûken fan de jongerein hjirby.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)