Goed 2000 euro Serious Request

3FM Serious Request © Omrop Fryslân, Jaap Elzes
Freed hat de twadde aksje foar Serious Request yn it ramt fan it Glêzen Hûs yn Ljouwert goed 2000 euro opsmiten. Boargemaster Ferd Crone en sjonger Danny Panadero feilden yn de Blokhúspoarte in grut tal saken. Under oaren in skilderij fan keunstner Jacco Boomsma en in unyk t-shirt fan Panadero. Fierder waard 90 euro opbrocht foar in healoere kofjedrinken mei de boargemaster op syn wurkkeamer. In besletten optreden fan Danny Panadero smiet yn lytse 400 euro op.
Ein desimber stiet it Glêzen Hûs fan Serious Request yn it sintrum fan Ljouwert.