Kok komt op foar earlik iten

01 mrt 2013 - 20:01

Masterkok Albert Kooy stapt út it Gilde van Nederlandse Meesterkoks as it bestjoer him net offisjeel útsprekt tsjin it gebrûk fan produkten mei gemyske smaakstoffen yn it iten. Dan giet it net mear om earlik iten, seit de kok. Hy ferset him ek tsjin de macht fan de grutte supermerken. Koks brûke hieltyd faker sauzen, sop en mayonêze út it fabryk yn stee fan it sels te meitsjen.

Wat dat oanbelanget wol hy werom nei beppe's tiid. Doe wie alles biologysk.
Hy ergeret him der ek oan dat der te min gebrûk makke wurdt fan de seizoensgriente en streekprodukten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)