Auto oer de kop Fryske Peallen

Auto oer de kop by Fryske Peallen © 112groningen.nl
Op de autodyk A7 tusken Mearum en Fryske Peallen is freedtemiddei troch noch ûnbekende oarsaak in auto fan de dyk rekke en oer de kop slein. De brânwacht hat de bestjoerder út de auto helle. Trochdat de traumhelikopter derby komme moast wie de A7 yn de rjochting fan Fryslân in skoft ôfsletten. Dat soarge foar in lange file.
De plysje docht ûndersyk nei de rydfeardigens fan de automobilist dy't fan de dyk rekke. Tsjûgen ferklearren dat der gjin bysûnderheden wiene op de dyk en dat de auto sûnder te remjen of by te stjoeren de berm yn ried.