Bergsma twadde achter De Jong

© awfoto.nl
Jorrit Bergsma is op de 10 km twadde wurden by de wrâldbekerwedstriid yn Erfurt. Yn de rit tsjin syn ploechmaat Bob de Jong wie al gau dúdlik dat de beide BAM-riders de sterksten fan it lytse dielnimmersfjild wiene. Bob de Jong naam de foarsprong, al waard it ferskil nea grut, Yn de lêste rûntsjes joech Bergsma noch in kear gas. De Jong ried 12.53.56 en Bergsma 12.55.36. De Súd-Koreaan Seung-Hoon Lee waard tredde yn 13.19.84. Jorrit Bergsma bliuwt lieder yn de wrâldbeker op de langste ôfstannen. Sven Kramer die net mei.
It is sa goed as wis dat Jorrit Bergsma, Bob de Jong en Sven Kramer op 23 maart op de 10 km útkomme sille op it WK ôfstannen yn Sotsji. Bob de Vries ried in 10 km yn de B-groep. Hy kaam yn 13.29.73 oer de streek, maar waard dêrnei diskwalifisearre. Yn de B-groep wurdt riden mei kwartetten. Bob de Vries soe tefolle achter in oare rider sitten ha. Dat 'stayerjen' bruts him op. Coach Jillert Anema wie it der net mei iens, mar syn protest helle neat út.