Van der Werf Sint Nyk fallyt

Boubedriuw Van der Werf
Boubedriuw Van der Werf yn Sint Nyk hat it fallisemint oanfrege. Der wurkje 85 minsken. Freedtemiddei is it personiel ynformearre. It fallisemint is it gefolch fan de krisis yn de wenningmerk. Van der Werf is sitten bleaun mei in protte grûn, kavels en ûnferkochte wenningen.
Van der Werf hat besocht ekstra kredyt te krijen by húsbankier Rabobank, mar dat is net slagge. Omdat it bedriuw syn rekkens no net mear betelje kin, is freedtemoarn it fallisemint oanfrege.
De direksje fan Van der Werf neamt it in ramp foar it bedriuw en syn personiel, dat der nei 105 jier in ein komt oan it boubedriuw.