Museum-krokettemuorre yn Harns

Yn de fertrekhal fan rederij Doeksen yn Harns stiet in krokettemuorre mei dêryn foarwerpen dy't wat sizze oer it museum en de stêden dy't oan de Iselmar lizze. It giet om in inisjatyf fan it Suderseemuseum yn Enkhuzen. Minsken kinne foar twa euro sa'n objekt út de automaat lûke en mei nei hûs nimme. Se kinne ek in tip ynleverje foar in foarwerp út Harns. De automaat bliuwt in pear moanne yn Harns en giet dan nei Volendam. Miskien sit der dan ek spul fan Harns yn de automaat. Doel is om promoasje te meitsjen foar it museum en foar de stêden.