Mear gearwurking ynnovaasje

De bedriuwen yn it ynnovaasjekluster Noard-Nederlân sille noch yntinsiver mei-inoar oparbeidzje. Se sille ûndersyk dwaan en ek ûnderling personiel útwikselje. Ek sil mei de gemeente Smellingerlân en de provinsje sjoen wurde hoe't it ûnderwiis ynspylje kin op de winsken fan de bedriuwen. Dy sitte te springen om minsken mei in goede oplieding. It doel is mear bedriuwen by it ynnovaasjekluster te krijen. Sa moatte mear bedriuwen by it ynnovaasjekluster belutsen wurde dy't dan ek kennis en kunde mei inoar útwikselje.
Drachten moat sa útgroeie ta it belangrykste kennis en ynnovaasjesintrum fan it Noarden.