Veenstra driget mei rjochter

01 mrt 2013 - 10:22

Direkteur Robert Veenstra fan Sportklup Hearrenfean driget it Friesch Dagblad en Voetbal International mei in koart pleit. It giet allegear om in artikel yn Voetbal International fan ôfrûne wike, it Frysk Deiblêd sitearre dêr woansdei út. Veenstra is it net iens mei de ynhâld fan it artikel en hat syn advokaat de beide media in faks stjoere litten. Dêryn freget er om in rektifikaasje en driget er mei in koart pleit. It Friesch Dagblad hat Veenstra oanbean om syn ferhaal yn de krante te dwaan. Dêr is lykwols noch gjin reaksje op kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)