Wurk dellein by Prins Dokkum

01 mrt 2013 - 09:53
  • Staking Prins Dokkum
  • Staking Prins Dokkum
  • Staking Prins Dokkum

Herman Odijk, de direkteur fan Prins Dokkum, driget mei it ynlûken fan it sosjaal plan fan 15 moannen oanfolling fan de WW as de staking by syn bedriuw trochgiet. De wurknimmers fan de fangrailfabrikant leinen freedtemoarn it wurk foar ûnbepaalde tiid stil. Sy fersette har, mei stipe fan de fakbûnen, tsjin de sluting fan it bedriuw en gean ek net akkoart mei de foarstelde kompensaasjeregeling. Odijk ferwyt de fakbûnen dat se de realiteit net sjen wolle. It bedriuw draait mei ferlies en hat gjin takomst.

Neffens him is it foarstel foar it sosjaal plan dat der no leit dik yn oarder. Prins Dokkum waard yn 2010 oernaam troch it Noarske bedriuw Saferoad. Dat wol it fabryk yn Dokkum slute en de produksje oerhevelje nei Dútslân en Poalen. By Prins Dokkum wurkje 34 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)