Asteriks wer op âlde plak
Poppoadium Asteriks kin wer iepen. Yn de seal yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert wie ein 2012 asbest fûn yn de fliertegels. Dit moast earst opromme wurde foar't der wer konserten yn de seal organisearre wurde mochten. De konserten fan Asteriks binne yn de tuskentiid op in alternative lokaasje hâlden.
No't de asbest opromme is kin alles wer werom ferhuzje nei de fertroude seal. Freedtejûn wurdt de weriepening fiert mei in konsert fan rockband Kong.