Lotting fuotbalbeker amateurs

Nei de 4-1 winst fan Snits Wyt Swart Boso Snits op Achilles 1894 yn de fjirde ronde fan de noardlike amateurfuotbalbeker waard der yn de kantine fan Snits lotte foar de kwartfinale. Trainer Johan Groote mocht de baltsjes út de grutte glêzen bol helje. It resultaat: wedstriid 1 Flevo Boys-Harkemase Boys, wedstriid 2 Snits Wyt Swart-Broekster Boys, wedstriid 3 Genemuiden-ONS Boso Snits, wedstriid 4 d'Olde Veste-Be Quick 1887. De winner fan wedstriid 4 spilet de heale finale tsjin de winner fan wedstriid 3. De winner fan 2 moat tsjin winner 1.