Sinnepanielen fia de baas

It lizzen fan sinnepanielen © ANP XTRA
Wurkjouwers kinne tenei makliker in sinnepaniele-aksje organisearje foar de meiwurkers. De gemeente Ljouwert en de provinsje hawwe dêrfoar in simpel fiif-stappeplan makke, basearre op de eigen ûnderfinings. Mei it saneamde PV-privee-projekt kinne wurknimmers fia de baas sinnepanielen oanskaffe. Se betelje dy fia it lean yn in bepaalde perioade werom.
Yn it stappeplan stiet hoe't gemeenten en bedriuwen sa'n projekt op ienfâldige wize opsette kinne. It plan is ûnderdiel fan it plan om yn Fryslân te kommen ta 12.500 sinnepanielen op de dakken.