Fûgelpleats foar bern

Ferskate Fryke natoerorganisaasjes ûndersykje de mooglikheid fan in spesjale edukaasjepleats om bern te learen oer greidefûgelbehear. Op de pleats soene bern dan sels oan de slach moatte mei bygelyks it melken fan de kij, it meanen fan it gers en it sykjen fan de aaien fan de greidefûgels yn it lân.
Foar it plan, dat ûnderdiel is fan it projekt 'Kening fan 'e greide', is in pear miljoen euro nedich. Dat jild is der noch net, mar dochs moat de pleats der al oer in pear jier wêze.
Wêr't de pleats krekt komme moat en hoe grut oft dy wurde moat is noch net bekend.