30 Friezen mei nei kroaning

Inkele tsientallen Friezen ha oanjûn mei de kommissaris fan de Keninginne Jorritsma mei te wollen nei de ynhuldiging fan kening Willem-Alexander. Fryslân mei 30 Friezen útnoegje foar de kroaning yn de Nieuwe Kerk yn Amsterdam. Gemeenten meie kandidaten oandrage. Jorritsma hat sels by him thús al oanmeldings krigen fan minsken dy't graach mei wolle. Besocht sil wurde om út alle Fryske gemeenten yn alle gefallen ien persoan mei te nimmen. Dy wurdt dan foardroegen troch de boargemaster.