Kuperus nei SC Hearrenfean

28 feb 2013 - 12:10

Harmen Kuperus fan Sint Nyk nimt per direkt de taken fan keeperstrainer Albert van der Sleen oer. Van der Sleen hat ôfrûne snein syn achillespees ôfskuord en is foar de rest fan dit seizoen útskeakele.

Kuperus kaam yn 2008 op hierbasis út foar SC Hearrenfean, mar de no 35-jierrige Kuperus hat syn aktive karriêre yntusken beëinige. Kuperus spile foar Telstar, FC Zwolle en Volendam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)