Spoar fan fernielings Ljouwert

De plysje siket minsken dy't mear fertelle kinne oer in grut tal fernielings, woansdeitenacht yn Ljouwert. De fernielings waarden ûntdutsen nei in melding fan skea oan de spoarbomen oan Achter de Hoven. Bliken die dat ek ferskate ferkearsbuorden en in stopljocht dêr fernield wiene. Ut ûndersyk fan de plysje waard dúdlik dat de dieders út it sintrum fan Ljouwert nei Achter de Hoven set wiene. Underweis hiene se ûnder oare tunen fernield en ôffalkonteners omgoaid. Ek waarden mei in krukje de ruten fan in auto ynslein.
De plysje siket net allinne minsken dy't mear fertelle kinne oer de fernielings, ek wurde minsken dy't troffen binne, oproppen om oanjefte te dwaan.