Grut nij bedriuw yn Snits

De Snitser ûndernimmer Maurice Tax stekt miljoenen yn de bou fan in nij ynnovaasjesintrum oan de A7. It nije bedriuw fan 7 ferdjippings heech moat wurk biede oan 80 minsken. Yn it ynnovaasjesintrum sil ûnder oare wurke wurde oan nije ideeën op it mêd fan wettertechnology. Neffens Tax giet it om in iepen ynnovaasjesintrum, dat wol sizze dat elkenien deryn komme kin mei syn ideeën.
It bedriuw moat komme op in no noch leech plakje oan de A7 yn Snits flakby de earste houten brêge oer de sneldyk. It gebou moat oer in jier al klear wêze.