Bêste draver nei Wolvegea

27 feb 2013 - 20:37

It bêste draafhynder fan de wrâld komt nei Wolvegea. Commander Crowe hat ferline jier hast alle grutte wedstriden yn de wrâld wûn. Yn syn karriêre hat er al foar goed 3 miljoen euro oan prizejild ophelle. Op 4 april sil er in wedstryd drave op de drafbaan yn Wolvegea, as tarieding op it nije seizoen. Der binne hiel wat telefoantsjes oan foarôf gien foardat de tasizzing der wie. De drafbaan yn Wolvegea moat wol oan allegear ekstra easken foldwaan. Sa moat it hynder befeilige wurde en krijt it in ekstra grutte boks.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)