Basisskoalle De Feanhoop slút

27 feb 2013 - 16:41

De basisskoalle fan De Feanhoop giet ticht. It skoalbestjoer hat dat mei it personiel en de âlden besletten. Al twa jier sit it tal learlingen op de Feanhoop ûnder de noarm fan 23. Op dit stuit binne der 17 bern en nei de simmerfakânsje sille dat 13 wêze. Dêrom is besletten om 1 augustus de skoalle frijwillich te sluten. De gemeente, âlden en skoalbestjoer ha tiisdeitejûn mei elkoar praat. De bern ha it woansdeitemoarn heard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)