Plan: eigen enerzjy opwekke

Op alle dakken yn Fryslân moatte sinnepanielen komme te lizzen. De provinsje moat yn oparbeidzjen mei de wenningboukorporaasjes dêr in plan foar meitsje. Dêr pleitet Retze van der Honing fan GrienLinks mei Friese Koers en D66. It plan moat it mooglik meitsje dat elke Fries syn eigen skjinne enerzjy opwekt. It is de bedoeling dat de provinsjes de kommende tiid in slach meitsje as it giet om de produksje fan skjinne enerzjy. Fryslân hat tasein dat der 525 megawatt oan wynenerzjy opwekt wurde moat.