Blog: I AM A GIRL

27 feb 2013 - 15:26

Sa, de dei sit der wer op. Wer in lange, mar moaie dei yn Mozambyk. Yn Xai Xai, in stêd fan 120.000 ynwenners en in soad Fryske flachjes. En dy Fryske flachjes stean ek op petsjes. Dy seagen we hjoed in hiel protte. It programma wie wer drok en we begjinne fan 'e moarn betiid op in skoalle. Wer de sânpaden yn, op wei nei in kompleks mei Fryske wc’s. Noch efkes fêst rekke yn it mulle sân, mar nei wat triuw- en lûkwurk kin we wer fierder Der is in groepke bern dy’t les krijt yn sanitaasje. Jim sille jim wol ôffreegje, wat is dat no? Sanitaasje….tsja, se krije les yn persoanlike hygiëne. Hanwaskje neidat je op de wc west ha, en foar it iten, op in goeie manier je behoefte dwaan, soargje foar goeie toiletten. Der is in groep bern dy’t les krijt yn it trochjaan fan dizze ynformaasje. Mei in hiele delegaasje stowe we troch de skoalle. En alles en elkenien is der klear foar. De t-shirts fan it projekt oan, petsjes mei in Fryske flage derop. It is skattich om te sjen, en foar ús net foar te stellen hoe’t sa’n les giet. De bern gean keurich stean as se in antwurd jouwe. Stel je foar, ûnderwiis fan krekt nei de oarloch of sa.

En wylst wy by de sanitaasjeles binne hearre we út in oar lokaal massaal I AM, HE IS… a boy or a girl…Alle bern tagelyk. As we letter yn de klasse komme is it in lust om nei te sjen, en it entûsjasme fan de learaar wurket oansteklik, mar oft de bern der werklik wat fan opstekke, dat is noch mar de fraach. Mar goed, se sitte op skoalle, dat is al hiel wat. En as je sjogge yn wat foar omstannichheden der les jûn wurdt, dan kinne we allinnich mar respekt ha foar de minsken yn it ûnderwiis. De lytsten sitte ûnder in golfplatedak op de grûn. En lytse klassen ha se hjir noch nea fan heard. Ofladen fol. Mar yn it skoft wurdt der dûnse en muzyk makke. Dan binne wy stive harken hear, as je dat sjogge. Mar we wiene der foaral om te sjen hoe’t de wc’s der binne. Trije wite hokjes mei wc’s en bakken mei kranen derfoar. Foar 1200 bern soe it yn Nederlân net troch de sûnenskommisje komme, of hoe’t it ek mar hjitte mei. Mar hjir binne se der bliid mei, al dogge twa fan de trije kranen it net. De fraach dy’t wol by my hingjen bliuwt is hoe’t it fierder giet mei sokke wc’s en sanitaasjelessen as it projekt ophâldt. Moarn mar wer ris nei freegje. Dêr’t wc’s binne moat ek papier wêze, dus is der in wc-papierfabrykje opsetten. Ek dêr in besite oan brocht. Mei âlde masjines yn in lyts haltsje hat in Súd-Afrikaan dit ûndernaam. Twa jier lyn begûn en no foarsjocht hy hast hiel Mozambyk fan húskepapier. De Súd-Afrikaanske merk hat hy der út konkurreard. Dochs moai om te hearren dat it wol kin. Eigen produkten meitsje dy’t ek noch goedkeaper binne. Mar we binne noch net klear, hoppa, wer yn de KIA, oer de sânpaden hobbelje. We gean nei Locarla, in allinnesteande mem dy’t de moaiste en nijste wc fan it projekt krigen hat. De Xipoto.

Ik moat sizze dat der wol iennige 'wc-moeheid' begjint te ûntstean, mar as je dan by sa’n gesin komme, en it soantsje giet moai mei de broek op ‘e knibbels op it potsje sitten, breed laitsjend, dan begjin je wer fan de Xipoto te hâlden. Wat in prachtich keardeltsje. Daniel. En Locarla hat ek in stikje grûn, dêr ferbout se fan alles op. Lytse lânbou is de grutste boarne fan ynkomsten yn Mozambyk, mar de grûn is net altiden like fruchtber. Ek dêr wurket it Fryske projekt no oan.

Se wolle in kompostearringprojekt begjinne. Hoe’t dat no wer sit, dat sjogge we moarn. Om fjouwer oere is it dan efkes klear. Jûn wer draaie, mar de sinnen moatte efkes fersetten wurde. We sitte hjir oan de Stille Oseaan, dy leit op noch gjin 100 meter fan it hotel, en we hiene der noch net west. Dus yn in ymprovisearre bikiny in dûk naam yn de oseaan. HEARLIK! Mar wat in golven. Ik sla fjouwer kear yn de rûnte en wurdt it strân wer opsmiten.
Mar hearlik opfrist wer op 'en paad. Afrika is as je hjir om je hinne sjogge ien grutte ôffalbak. Alles wurdt op strjitte smiten. Mar ek dêr besykje de minsken fan Schoon water voor Afrika no feroaring yn te bringen. De strjitfeiiers, allegear froulju yn de felgriene kleuren fan it projekt binne oan de slach. En der stean griene ôffalbakken. En noch in gelok, de opheltsjinst, in trekker mei in karre, komt ek krekt del. Theo twifelet net. Yn de karre. Alles foar de moaie bylden.

En dan is it sân oere, tsjuster en tiid om te iten. De dei sit der wer op. Wer genôch belibbe yn Mozambyk.


Trefwurden: 
argyf Mozambyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)