Plysje siket dief fan jas

De plysje siket ynformaasje oer in jas en in fyts. Op 13 febrewaris hat in man in jas stellen yn in winkel oan de Dracht op It Hearrenfean. De eigener fan de winkel besocht de dief op de fyts te achterheljen. Dat mislearre. Doe't er weromfytste, seach er him. Dy stie by syn fyts. De man pakte de fertochte beet, mar dy smyt de fyts nei de man en naaide út. De opfallende blauwe fyts bleau achter. De plysje siket ynformaasje oer de dief. Hy is tusken de 20 en 30 jier, 1.80 lang, smel en koart ljocht hier. Hy hie in ekru pet mei swart rútmotyf.