'Net minder studintekeamers'

27 feb 2013 - 11:52
  • Van Hall Larenstein yn Ljouwert

Ljouwert beheint de mooglikheden om studintekeamers te ferhieren. Fanwege oerlêst yn de bûtenwiken mei 5 prosint fan it tal wenningen yn in wyk ferhierd wurde. Dat sil gjin gefolgen ha foar it tal keamers yn de stêd, as de plannen foar bou fan studintekeamers op de kenniskampus en oan de Oostergowei by it Van Hall ynstitút útfierd wurde. Oant no ta mocht 10 prosint fan it tal huzen yn in wyk foar keamerferhier brûkt wurde. Yn it sintrum fan de stêd bliuwt dat sa. Ljouwert rint as HBO stêd foarop mei dizze maatregel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)