Gefaarlik rydgedrach op A7

27 feb 2013 - 11:12

Fjouwer frachtweinsjauffeurs binne tiisdei op de A7 by Drachten oanhâlden fanwege har rydgedrach. Se wiene mei oare saken dwaande ûnder it riden. Se ha in proses ferbaal krigen. In Roemeen is beboete om't er mei in karre 133 kilometer yn de oere ried. By de kontrôle joech de plysje in frou fan 81 ek in boete om't se fan it tankstasjon te stadich de A7 opriden kaam. Oare bestjoerders binne bekeurd foar it net oanjaan fan rjochting by it wikseljen fan baan, oaren rieden te hurd en 23 sjauffeurs bellen net handsfree.

Ek binne boetes útdield foar it te min ôfstân hâlden, it riden oer in trochlutsen streep en it net dragen fan de riem.

Trefwurden: 
plysje ferkearskontrôle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)