Pro formasitting saak Vaatstra

27 feb 2013 - 09:42

De fertochte fan de moard op Marianne Vaatstra moat woansdei foar it earst foar de rjochter ferskine. De 45-jierrige Jasper S. sit sûnt novimber ferline jier fêst. Nei in grutskalich DNA ûndersyk waard er pakt nei in 100 persint DNA match. Woansdei is de pro formasitting. Dat betsjut dat de saak noch net ynhâldlik behannele wurdt.

Der binne 50 sjoernalisten, wêrûnder 9 kameraploegen. Yn de sitting wurdt de offisjele oanklacht foarlêzen en ôfpraat wat it ferrin wêze sil. Ek wurdt in sittingsdatum bekend makke.

Fierder wurdt in tuskenstân jûn fan it ûndersyk oant no ta. Mooglik wurdt wat sein oer it psychiatrysk ûndersyk fan de fertochte Jasper S. De heit en mem fan de fermoarde Marianne sitte yn de seal. De famylje fan de fertochte Jasper S. folget de pro-formasitting yn in oare romte. Peter R. de Vries en Cor Reijenga en de lieder fan it 3D-team binne ek by de sitting. De parse folget de sitting yn in aparte fideo-romte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)