2200 pasjinten sûnder húsdokter

04 jul 2001 - 00:00

2200 pasjinten yn Noardeast-Fryslân komme sûnder húsdokter te sitten. Dokter Luyendijk fan Ternaard hat besletten om 1 augustus op te hâlden as húsdokter. Twa jier lang is der om in opfolger socht mar dy komt der net.

De kollega's yn de regio ha in folle praktyk en kinne de pasjinten der net bynimme. Luyendijk wol him no fierder talizze op alternative genêswizen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)