22 ûntslaggen by Verkley

12 apr 2013 - 12:01
  • Verkley

It bedriuw Verkley út Drachten moat fierder ynkrimpe en sil dat dwaan troch 22 minsken dien te jaan. It giet om twongen ûntslaggen. Verkley hâldt him dwaande mei de oanlis fan ûndergrûnske ynfrastruktuer foar ûnder oaren gas, wetter en elektrisiteit.

It bedriuw moat ynkrimpe, omdat de bousektor neffens de direksje "folslein ferkrampt" is. Boppedat hat de strange winter it bedriuw gjin goed dien omdat der in soad dagen net wurke wurde koe. De produksje bleau achter, wylst de kosten gewoan trochrûnen.

Verkley wol yn de takomst mear mei fleksibele krêften wurkje, sadat it makliker groeie en wer ynkrimpe kin as dêr ferlet fan is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)