22 miljoen foar bouprojekten

03 jun 2014 - 20:34

De provinsje stelt 22 miljoen euro beskiber om bouprojekten yn de provinsje op gong te helpen. De regeling makket diel út fan 'Wurkje foar Fryslân'. It giet yn totaal om 300 miljoen euro dat ynset wurdt om de ekonomy in ympuls te jaan.

De 22 miljoen euro is bedoeld foar bouprojekten, dy't oars finansjeel net hielendal rûn te krijen binne. Foar de bou fan hierwenten yn de frije sektor of wenten foar bysûndere doelgroepen kin dan in liening oanfrege wurde by de provinsje.

Deputearre Konst tinkt mei de 22 miljoen, 200 miljoen oan bouprojecten realisearje te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)