22 beammen yn Marsum omhelle

18 mrt 2014 - 12:20
  • Eelke van der Meulen fan de gemeente lit sjen hoe bot de beam útholle is.

Oan de Bokmasingel yn Marsum wurde 22 beammen omhelle. It giet om hege populieren dy't lâns de dyk steane. De beammen wiene al langere tiid siik. Troch de stoarm fan ein ferline jier wie it te gefaarlik wurden om de beammen noch langer stean te litten. It roaien wurdt net troch de gemeente Menameradiel dien, mar troch in ekstern bedriuw.

De ferwachting is dat alle 22 beammen tiisdei al fuort binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)