'Hanthavenje by Teeling'

De gemeente Dantumadiel sil hanthavenjend optrede tsjin de stjonkoerlêst fan Teeling Petfood yn Feanwâlden. De gemeente hat it fabryk hjiroer oanskreaun. As de situaasje net ferbetteret krijt it fabryk in twangsom. Boargemaster Aalberts fan Dantumadiel die dy meidieling tiisdeitejûn yn in spesjaal ynterpellaasje-debat oer Teeling Petfood.
It CDA hie it ynterpellaasjedebat oanfrege. It CDA wol dat it kolleezje Teeling Petfood hurder oanpakt, mar krige de rest fan de ried net mei. Riedslid Slomp wie wol wiis mei de tasizzing fan Aalberts.
Teeling Petfood waard op de publike tribune fertsjintwurdige troch advokaat frou Kuiper. Sy wie net ûnder de yndruk fan de meidieling fan Aalberts. Neffens har hâldt it bedriuw him WOL oan de fergunning fan de gemeente. De kommende moannen moat dúdlik wurde wa't gelyk hat yn dizze saak.