Taksysjauffeurs krije diploma

26 feb 2013 - 22:20

Yn totaal 59 taksysjauffeurs ha tiisdeitejûn yn it doarpshûs fan Koatstertille har MBO-diploma krigen. De sjauffeurs moasten stevich oan de stúdzje om it papierke te heljen sûnder dat se der finansjeel better fan wurde. Se hawwe it dien foar it bedriuw. De earste diploma's waarden útrikt troch boargemaster Gerbrandy fan Achtkarspelen.

Wurkjouwer Waaksma kin mei diplomearre personiel better de konkurrinsje oan mei oare taksybedriuwen. Hy kin no better oanspraak meitsje op regionale en mooglik sels Europeeske oanbestegings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)